Bocuse d'Or-dielnimmer Smink begjint eigen restaurant

06 apr 2018 - 09:06

Sjef-kok Jan Smink iepenet yn septimber in eigen restaurant yn syn wenplak Wolvegea. Oan de Van Harenstraat yn it sintrum fan it doarp sil Smink, bekend fan syn dielname oan de ferneamde itensiederswedstriid Bocuse d'Or, syn gasten gerjochten foarsette dy't makke binne fan produkten út de eigen regio.

Foardat de doarren yn septimber iepen geane, sil it eardere ING-gebou earst noch ferboud wurde. Nei de ferbouwing sille de koks sichtber wêze wannear't se yn it restaurent oan it itensieden binne. Dêrneist kriget de 3D-printer in prominint plak yn it restaurant.

Yn maaie kriget Smink de kaai fan it pân en sil ek de namme fan it restaurant bekendmakke wurde.

Trefwurden: 
Jan Smink Bocuse d'Or
(advertinsje)