Kollum: "Bessie Bèh"

06 apr 2018 - 07:29

"It peaskewykein giet hast de krystdagen foarby mei alle fretterij. Wy hawwe net meidien oan dy brunchbrut en as ik de reklames sjoch fan al dy tafels grôtfol mei iten, dan bin ik al sêd. Eartiids ha we it wolris dien, mar dat siet my dan wol twa dagen yn 'e wei. Mei de kryst is dat ek al sa en sa grou wol ik my yn it foarjier net fiele.

Ik ha wol in peasketûke boppe de tafel hingjen en foar my is dizze perioade it feestje fan de maaitiidsgoadinne Ostara dy't ús it ljocht wer bringt. Alles yn 'e natuer wurdt wekker en de maaitiid is in fruchtbere perioade fol nij libben. Ik fyn it hearlik, miskien wol it moaiste seizoen fan it jier en dat komt benammen ek troch de lamkes. Se dogge my altyd tinken oan it wouterke dat wy ris hân ha, Bessie Bèh.

Ophelle yn in waskkoer, kaam Bessie yn in hokje neist de hynders. Wy hiene ús Leonberger Azra doe ek noch en Bessie miende al gau dat dy har mem wie. Se rûn Azra alles achteroan en lei altyd stiif tsjin har oan te sliepen. Mei in wouterke ha je der wol wer in bern by dêr't regelmjittich in flesse molke yn moat en om seis oere moarns begûn Bessie al hiel lûd te mekkerjen.

Dan sûpte se samar in flesse leech en dan mekkere se fjouwer oeren letter wer. De hiele deiyndieling draaide om Bessie. As ik it oan tiid hie, lei se by my op skoat as in poppe te drinken en aaide ik har dêrnei oant se sliepte. De bern fûnen it ek prachtich en Bessie kaam regelmjittich yn 'e hûs. Se wie like nijsgjirrich as in âld hin, mar se skiet oeral del dus dan stjoerde ik har wer nei bûten.

Bessie gong ek altyd mei as ik mei de hûnen derút gong. We hiene doe trije en sy huppele der altyd fleurich achteroan. Dan koe se ek sa entûsjast stuiterje en mei fjouwer poatsjes tagelyk omheech springe. It ultime foarjiersgefoel en it wie in prachtich gesicht. De minsken reagearren der ek sa grappich op. Se knipperen earst altyd efkes mei de eagen en koene it hast net leauwe. Bessie woe ek wol oan in riemke rinne, mar ik hie har eins altyd los.

Doe't se âlder waard, waard se ek wat bretaler en fleach se wol gauris in tún yn en haffele se yn 'e blommen om. Dat wie fansels net de bedoeling en ik soe har op in bepaald momint yn 'e buorren delsetten by in oare keppel skiep. Dat waard neat, Bessie koe net sûnder de hûn mar wy koene har eins ek net hâlde. Lokkich ha ik letter al in hiel goed plakje foar har fûn en dêr ha wy har op in sneontemoarn hinne brocht.

Se kaam al wer by in oare keppel skiep yn in stik lân, mar om dêr te kommen, moasten we oer in planke oer de sleat rinne. Bessie fûn it net sa moai doe't ik fuortgong en se sprong my achternei... op 'e harsens yn 'e dreksleat. Ik koe wol janke, mar ik moast trochsette en doe't ik har wer yn it lân brocht, bleau se dêr gelokkich. Se fielde har dêr al gau thús en sa út en troch hearde ik hoe't it mei har gong. Ik ha ek noch by har op kreambesite west, doe wie se sels mem wurden.

Foar my dus gjin laam op 'e panne, ik ha leaver ien op skoat. De oantinkens oan Bessie ferfolje my mei in lokkich gefoel en jout my in foldwaning dy't my noait yn 'e wei sit."

(advertinsje)