Motorrider rekket ferwûne by botsing yn Ljouwert

© Kappers Media
In motorrider is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in botsing mei in auto op de Hendrik Algrawei tusken Ljouwert en Deinum. De motorrider foel by de botsing hurd op de dyk en is mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de auto kaam mei de skrik frij.
De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. De dyk tusken Deinum en Ljouwert is ôfsletten foar ferkear.