Aris rint tsjin nederlaach oan yn Rotterdam

05 apr 2018 - 22:02

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn de kompetysjewedstriid tsjin Forward Rotterdam ferlern. It waard 79-63 foar de thúsploech út Rotterdam.

Aris naam yn it earste kwart in foarsprong (24-18), mar wist dy yn it twadde kwart net fêst te hâlden. En dus waard der mei in efterstân fan 41-38 skofte. Nei de rêst boude Rotterdam de foarsprong fierder út nei 61-50 oan 'e ein fan it tredde kwart. Yn it fjirde kwart koe Aris de efterstân net mear goedmeitsje, sadat de 79-63 einstân yn it foardiel foar Rotterdam op it skoareboerd stie.

Troch de nederlaach bliuwt Aris op it sânde plak stean yn de Dutch Basketball League.

Trefwurden: 
basketbal Aris
(advertinsje)