Beslút oer takomst swimbad Boalsert útsteld

05 apr 2018 - 21:38

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslan hat noch gjin beslút naam oer de takomst fan swimbad Vitaloo yn Boalsert. It kolleezje wol uterlik yn 2021 it bad ôfstjitte. Neffens it kolleezje rint it tal besikers werom, is de besuniging fan hast in ton sûnt 2016 net helle en moat der de kommende jierren jild by om it ûnderhâld oan it swimbad te dwaan.

De ried wol dat der earst mear ûndersyk komt nei de mooglikheid om it swimbad yn Boalsert iepen te hâlden. Foar 21 desimber fan dit jier moat der mear dúdlikheid komme. Dan rint it kontrakt mei de eksploitant, Optisport Bolsward BV, ôf.

Trefwurden: 
swimbad Vitaloo Boalsert
(advertinsje)