Alve moanne sel easke tsjin ynbrekker út Ljouwert

05 apr 2018 - 20:22

Tsjin in 24-jierrige Ljouwerter is alve moanne selstraf easke foar ferskate ynbraken en stellerijen yn Grou. De fertochte soe sa'n sechstjin strafbere feiten dien hawwe yn 2015, doe't er noch yn Grou wenne.

Hy soe belutsen west hawwe by twa ynbraken yn in winkel yn Grou. Ek soe er fytsen, snorfytsen, boaten en bûtenboardmotors stellen ha. De man die neffens de rjochter nochal lakonyk oer alles wat him ferwiten wurdt. Hy ûntkent sels alles.

Oer twa wiken docht de rjochtbank útspraak yn dizze saak.

Trefwurden: 
ynbraken Grou
(advertinsje)