Waadferiening heakket oan by unike klimaatsaak tsjin Shell

05 apr 2018 - 19:57

De Waadferiening wol, tegearre mei Miljeudefinsje, Shell foar de rjochter dage foar de bydrage fan it bedriuw oan klimaatferoaring. Dizze wike makke Miljeudefinsje bekend in proses te begjinnen, as Shell net binnen acht wiken taseit om de útstjit fan harren aktiviteiten yn 2050 ta nul te beheinen. De Waadferiening slút him hjir no by oan. De feriening wol him fersette tsjin it feit dat der noch hieltyd miljarden ynvestearre wurde yn de syktocht nei oalje en gas.

Nij enerzjyakkoart

Yn 2018 wol it kabinet in nij enerzjyakkoart ôfprate mei bedriuwen en miljeuorganisaasjes. Yn dat akkoart stiet hoe't de útstjit fan broeikasgassen yn Nederlân fermindere wurde kin. Wat de Waadferiening oanbelanget heart dêr ek by dat der ophâlden wurdt mei de gaswinning yn de Waadsee.

Unike saak

De aksje fan Miljeudefinsje en de Waadferiening is unyk. Nea earder besochten miljeu-organisaasjes om by de rjochter in koerswiziging fan in fossyl-enerzjybedriuw ôf te twingjen.

(advertinsje)