Bouwmeester sakket plakje yn klassemint troch "goede fout"

05 apr 2018 - 19:45

Sylster Marit Bouwmeester is in plakje sakke yn it klassemint fan de Princes Sofia Cup. Op it wetter by Palma de Mallorca behelle se tongersdei yn de Laser Radialklasse in sechsde plak en makke dêrnei in falske start, wêrtroch't sy diskwalifisearre waard yn dy race.

"We binne in oantal nije dingen oan it besykjen, wêrûnder wat eksperiminten by de starts. Dan nimme wy op guon flakken wat mear risiko. In flaterke sa no en dan heart der dan by en wy binne ree om dat risiko te nimmen as ûnderdiel fan it ûntwikkelingsproses. Ik soe dizze falske start yndiele yn de kategory 'goede fouten'", fertelt Marit's coach Roelof Bouwmeester.

Marit Bouwmeester sakket troch de resultaten fan it earste nei it twadde plak yn it klassemint. Anne-Marie Rindom út Denemarken hat it earste plak yn it klassemint oernaam. De Princes Sofia Cup duorret oant en mei sneon.

(advertinsje)