Unrêst by wurknimmers Lypack om nije wurkroasters

05 apr 2018 - 18:47

By babyfoeding-fabryk Lypack yn Ljouwert ûntstie dizze wike ûnrêst op de wurkflier troch de fersprieding fan de nije wurkroasters. It fabryk giet yn maaie werom fan fiif nei trije ploegen, wêrtroch't it like dat der foar sa'n tachtich meiwurkers - en dêr sitte in soad útstjoerkrêften by - meikoarten gjin wurk mear is yn Ljouwert.

Unrêst ûnnedich

Neffens direkteur Froukje Dykstra fan Lypack falle de gefolgen foar de wurknimmers geweldich ta, want suvelbedriuw Ausnutria, dêr't Lypack in ûnderdiel fan is, hat mei yngong fan maaie op It Hearrenfean trije nije ploegen nedich, wêrtroch't de wurkgelegenheid mei sa'n 52 fte's tanimt.

Yn prinsipe kinne alle meiwurkers dy't yn maaie yn Ljouwert oer binne, op It Hearrenfean oan it wurk. It bedriuw wie der lykwols noch net oan takommen om de minsken dy't op It Hearrenfean oan de slach kinne dêroer op tiid te ynformearjen, wêrtroch der dizze wike ûnnedige ûnrêst ûntstie op de wurkflier.

Net goed oanpakt

Ausnutria hat de kommunikaasje oer alle feroaringen net goed oanpakt, jout Froukje Dykstra ta. It bedriuw stribbet der nei om alle wurknimmers dêr't it om giet binnen in pear dagen tiid persoanlik te ynformearjen. It útgongspunt is dat eltsenien dy't al wat langer by Lypack wurket, by Ausnutria wurkjen bliuwe kin, al is dat mooglik wol tritich kilometer fierderop op It Hearrenfean.

It bedriuw seit der fierder ek nei te stribjen om in part fan de útstjoerkrêften yn fêste tsjinst te nimmen.

Trefwurden: 
Lypack
(advertinsje)