FIDEO: Wethâlder Deinum fûn ynljochtsjen ried net nedich

05 apr 2018 - 17:55

Wethâlder Henk Deinum fynt dat hy de gemeenteried net yn hoegde te ljochtsjen oer de soargen dy't in wichtige ynvestearder utere oer it nije Cambuurstadion.

Op 29 desimber krige Deinum in mail fan ynvestearder Jan Anker, wêryn't Anker syn soargen útspruts oer de komst fan boumerk Bauhaus. By it nije kompleks komt in Karwei, mar allinnich as der gjin konkurrinsje is fan in oare boumerk. Anker skreau dat Deinum him wol oan de ôfspraken hâlde moast.

Deinum hat de ried net ynljochte omdat hy noch folop yn petear wie mei de ynvestearder en de ûntwikkelingspartners. Woansdei waard bekend dat Anker de ynvestearring stopset, omdat de gemeente net garandearje kin dat de Bauhaus fuort bliuwt en dat der fergees parkearjen komt.

VVD: Deinum hat ried net goed ynformearre

De VVD yn de gemeenteried fan Ljouwert fynt dat wethâlder Henk Deinum opstappe moat as hy net mei goede antwurden komt oer de problemen by de nijbou fan it Cambuurstadion. Neffens fraksjefoarsitter Serge Hollander hat Deinum de ried net goed ynformearre.

De wethâlder hat ein desimber al in warskôging krigen dat de boumerk Bauhaus in fêstiging iepenje sil tichtby it stadion. In oare boumerk yn de nijbou soe dan ôfheakje. Dy ynformaasje is neffens de VVD net dield mei de ried.

(advertinsje)