'Gizeling yn bar yn Appelskea wie gjalp om oandacht'

05 apr 2018 - 17:55

In gjalp om oandacht. Dat wie de gizeling fan de kroechbaas fan Harry's Bar yn Appelskea, sa die freed bliken yn de rjochtbank fan Ljouwert. 

Yn de nacht fan 22 op 23 desimber swaaide de 59-jierrige man mei in fjoerwapen, in gaspistoal, en sommearre de oanwêzige klanten it kafee te ferlitten. Allinnich de kroechbaas moast bliuwe. Dy kaam in pear oeren letter nei bûten, hy kaam mei de skrik frij.
Op de pro forma sitting kaam freed nei foaren dat de man net tefreden wie oer it kontakt dat hy hie mei syn behannelers fan de GGZ.

De ynhâldlik behanneling fan de saak is op 20 april. De rjochtbank wachtet op in psychologysk rapport.

Trefwurden: 
Harry's Bar justysje gizeling
(advertinsje)