Oranjewoud Festival yn top 10 wrâldwide klassike festivals

05 apr 2018 - 17:16

It Oranjewoud Festival stiet yn de top tsien fan wrâldwide klassike festivals. De list is opsteld troch Bachtrack, in renomearre Ingelske site oer klassike muzyk. Yn de top tsien stean fierder festivals yn Japan en Kanada. It Oranjewoud Festival wurdt omskreaun as "one of the most exciting festivals in Holland". Ek wurdt wiisd op de hurde groei yn it tal besikers: yn 2011 kamen der noch 300 besikers, foarich jier wienen dat der 10.000 besikers.

(advertinsje)