Skeletten fûn yn Boalsert op plak fan nije fontein

05 apr 2018 - 16:38

By de Broeretsjerke yn Boalsert binne seis skeletten fûn. Op dat plak komt de nije 11Fountain-fontein te stean. By it graven fan in gat foar de pomp binne boufakkers de minsklike resten tsjinkaam. Der binne no archeologen dwaande om it plak fierder ôf te graven. Sy ferwachtsje mear skeletten tsjin te kommen, omdat de lichems meastentiids op ferskillende lagen begroeven binne.

Bysûndere fynst

Neffens archeolooch Wouter Ytsma binne der bysûndere dingen oantroffen. "Er ligt een klein babyhoofdje, van een baby die vermoedelijk bij de moeder is neergelegd. Maar dat zijn dingen die we nog verder moeten onderzoeken." De archeologen dy't dwaande binne by de Broeretsjerke, binne goed te sprekken oer de opbringst nei oardel dei graven.

Gjin fertraging foar 11 Fountains-projekt

18 maaie is it iepeningsfeest foar de 11Fountains. Neffens Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân komt de planning net yn gefaar. "It is al april, de tiid giet snel, mar wy kinne ek snel."

(advertinsje)