30 moanne selstraf en tbs foar ferkrêfting 88-jierrige frou

05 apr 2018 - 16:16

De 32-jierrige man út Stiens dy't op 3 augustus 2016 in 88-jierrige frou út Ljouwert ferkrêfte, is troch de rjochtbank feroardiele ta 30 moanne selstraf en tbs mei twangferpleging. De straf komt oerien mei de eask fan it Iepenbier Ministearje.

De man brûkte in soad geweld doe't hy de frou ferkrêfte yn de lift fan har flat oan it Europaplein. Doe't de frou al yn ûnmacht op de flier lei, skopte hy har yn it gesicht. It slachtoffer is psychysk en fysyk noch hieltyd net wersteld fan de oanfal.

De Stienzer hat psychiatryske steurnissen en tocht dat der in komplot tsjin him geande wie. Dy steurnissen wurde feroarsake troch it drank- en drugsgebrûk fan de man.

(advertinsje)
(advertinsje)