Soargen op Skylge om sluting Ronald McDonaldhûs Ljouwert

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Der is grutte soarch op Skylge oer de foarnommen sluting fan it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert. In protte eilanners meitsje gebrûk fan de oernachtingsmooglikheid by it Medysk Sintrum Ljouwert. De PvdA op Skylge hat fragen steld oan B en W. Se wolle witte oft it kolleezje op 'e hichte wie fan de sluting. Dêr komt noch by dat it Waadeilân in eigen "Terschelling-keamer" yn it Ronald McDonaldhûs hat, betelle troch de gemeente.
De Skylger PvdA wol ek besykje oare eilannen mei te krijen yn it protest tsjin de sluting.