Cambuur opnij nei konkurrint: "Punten worden steeds duurder"

It wurdt sa stadichoan in weromkearend ferhaal, want ek freed spilet SC Cambuur wer in wichtige wedstriid mei it each op de play-offs. FC Den Bosch stiet ien puntsje boppe de Ljouwerters en dus kinne se harren gjin misstap permittearje.
Trainer René Hake sjocht ek dat it in wedstriid mei in soad belangen wurdt. "Het komt dicht bij een zespuntenduel. De punten worden steeds duurder. Dit soort wedstrijden tegen directe concurrenten kunnen van grote waarde zijn", fertelde de trainer tongersdei nei de lêste training.
Opstelling
By Cambuur keare Jordy van Deelen (blessuere) en Justin Mathieu (dissiplinêre skorsing) werom yn de wedstriidseleksje. Oer de opstelling woe Hake neat sizze. "We moeten kijken hoe fit iedereen is. Maar we gaan niet een heel elftal wisselen, dat lijkt me duidelijk." Njonken de langer blessearren ûntbrekt ek Kenny Teijsse. Hy is al de hiele wike siik.
Resultaten út it ferline
Earder dit seizoen spile Cambuur al twa kear tsjin Den Bosch. Thús waard yn de kompetysje lykspile en yn de beker wûn Cambuur út mei 2-0. Dy wedstriden sizze Hake no net safolle mear. Wol dat de Brabanners thús de lêste fiif wedstriden net ferlern hawwe: "Thuis doen ze het goed. Vooral voorin hebben ze veel individuele kwaliteiten. Maar het is onvoorspelbaar met wie ze gaan spelen."