"Wethâlder Deinum wist fan betingsten Cambuurstadion"

Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Wethâlder Henk Deinum wist ein ferline jier fan de driigjende problemen by de bou fan it Cambuurstadion op it WTC-terrein. Dat seit Jan Spoelstra, âld-direkteur fan it WTC en adviseur fan ynvestearder Jan Anker.
Anker liet ein desimber yn in mail oan Deinum witte dat de mooglike komst fan in boumerk yn de omjouwing fan it WTC de ûntwikkeling fan it stadion en de rest fan de plannen yn gefaar bringe soe. Yn de mail seit Anker dat hy derfan út giet dat Deinum de fêstiging fan in nije boumerk tsjinhâlde sil.
Deinum fertelde woansdeitejûn oan de gemeenteried dat hy net rjocht op 'e hichte wie fan in tal oanfoljende easken fan Anker. Njonken it foarkommen fan de komst fan in twadde boumerk gie it ek oer in garânsje dat der fergees parkearre wurde kin op it WTC-terrein. Deinum seit dat hy dy garânsjes net jaan kin.
Betingsten
Spoelstra begrypt hjir neat fan. Neffens him wie Deinum ferline jier july, doe't de plannen foar it Cambuurstadion en it WTC terrein bekend makke waarden, al op 'e hichte fan de betingsten fan Anker. Anker, ien fan de eigeners fan suvelbedriuw A-Ware, kaam doe yn byld as nije eigener fan it ferlieslijende WTC-eksposysjekompleks. Tagelyk soe hy as ynvestearder meidwaan wolle yn de ûntwikkeling fan it Cambuurstadion en it WTC-terrein.
Anker keppele hjir fjouwer betingsten oan, seit Spoelstra: de oerdracht fan de oandielen fan it WTC-kompleks; de oerdracht fan in skuld fan it WTC, fan likernôch 4,5 miljoen euro, oan de gemeente foar ien euro; fergees parkearjen op it WTC-terrein; en gjin twadde boumerk yn de buert, omdat Karwei al op it WTC-terrein komme soe. "As Deinum doe al wist dat hy net oan dizze betingsten foldwaan koe, wêrom is der dan yn july sa'n grutte parsekonferinsje organisearre", seit Spoelstra.
Fragen
Yn de gemeenteried fan Ljouwert libje grutte fragen oer de rol fan Deinum. Ferskate riedsleden fine dat hy de ried te let op 'e hichte fan de problemen brocht hat. Earder wie der al ûnfrede oer de fertraging fan de bou fan de Blokhúspoarte.