Twa fertochten fan twa oerfallen oanhâlden

© Politie Noord-Nederland
De plysje Fryslân hat woansdei twa fertochten oanhâlden foar twa ferskate oerfallen. In 18-jierrige Ljouwerter is jûns oanhâlden foar in wapene oerfal yn jannewaris op in supermerk oan de Wylgestrjitte yn syn wenplak. Meiwurkers en klanten waarden troch de fertochte en in twadde oerfaller mei in fjoerwapen en in mes bedrige. De jonge besocht by syn oanhâlding fia it dak fan in garaazje út te naaien, mar dat mislearre.
In 45-jierrige man fan It Hearrenfean is oanhâlden foar de oerfal op 16 jannewaris op in tankstasjon oan it Boargemaster Kuperusplein yn syn wenplak. De man bedrige de meiwurker en naaide út mei in ûnbekend jildbedrach.
Beide fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk. De plysje seit dat yn beide gefallen kamerabylden in grutte rol spile ha by de oanhâlding fan de fertochten. De bylden binne nei bûten brocht en dat smiet in soad tips op.