Mooglike gearwurking skoalmienskippen Noardeast-Fryslân

05 apr 2018 - 11:59
Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld

It Lauwers Kolleezje, it Dockinga Kolleezje en CSG Liudger sille mooglik gearwurkje. De bestjoerders fan de middelbere skoallen litte ûndersyk dwaan nei de mooglikheden dêrfoar. Undersocht wurdt oft de trije kristlike skoalmienskippen inoar fersterkje kinne op bestjoerlik, bedriuwsmjittich en ûnderwiiskundich nivo. Fan in fúzje is gjin sprake, sizze se.

Mei de gearwurking wolle de skoallen ynspylje op de krimp yn Noardeast-Fryslân en de posysje fan it kristlik fuortset ûnderwiis ferstevigje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)