Fryslân mei kampanje op jacht nei nije húsdokters

Húsdokter © ANP XTRA
De Friese Huisartsenvereniging en de provinsje sette útein mei de kampanje '11Huisartsen', om de kommende twa jier yn totaal 22 nije húsdokters nei Fryslân te heljen. In soad húsdokters fan no sille binnen in pear jier mei pensjoen of hâlde op. It is lestich om in opfolger te finen, wêrtroch't der soargen binne oer de sprieding fan de húsdoktersoarch. Oankommende dokters fine it dreech om nei Fryslân te kommen. Se binne bang dat harren partner gjin baan fine kin of se kinne gjin gaadlike praktyk fine.
Mei de kampanje wolle de inisjatyfnimmers de kommende twa jier alve húsdokters it jier nei Fryslân lokje. De klam komt dêrby te lizzen op alle mooglikheden foar oankommende dokters en harren famyljes. Se krije alles te hearren oer de kânsen op wurk foar de partners, ferskate praktykfoarmen, advys by fêstiging yn Fryslân en help by it learen fan it Frysk.