UPDATE: Snorfytser slim ferwûne nei botsing tsjin frachtwein

05 apr 2018 - 12:17

In snorfytser is tongersdeitemoarn op Flylân slim ferwûne rekke, nei't hy efterop in frachtwein botste. De frachtwein ried stadich oer de Havenwei, doe't ien de sjauffeur wat frege. Dy remme ôf. Op it momint dat de frachtwein hast stilstie, hearde de sjauffeur in hurde knal. Nei't hy útstapt wie, seach de sjauffeur de snorfytser lizzen.

It slachtoffer, in 48-jierrige Flylanner, is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. 

Trefwurden: 
ûngelok Flylân
(advertinsje)
(advertinsje)