Grou strikt bêste bouwers fan Nederlân foar tagongspoarten

Grou makket takom wike in dûbeldslach: it Nederlânsk kampioenskip mitseljen komt nei it doarp ta, en de dielnimmers oan de wedstriid sille oan de slach mei in permanint bouwurk. It giet om nije tagongspoarten by it Wilhelminapark.
De organisaasje fan it NK hat fanwege LF2018 Grou as lokaasje útsocht dit jier. Se sjogge it as in moaie kâns om it Nederlânske boutalint oan hiel Europa sjen te litten.
Lêste faze
De tolve finalisten komme út alle provinsjes, en binne fia foarrondes útkeazen. De nije tagongspoarten fan it Wilhelminapark binne ûntwurpen troch de TU Delft en binne yn de styl fan túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp, dy't it park eartiids oanlein hat. De oanlis fan de poarten is de lêste faze fan de fernijing fan it park.