Kollum: "Sûn ferstân"

05 apr 2018 - 07:30
  • De Toan fan Botte Jellema

"Koeien moeten weg - sa iepene De Volkskrant juster. De Raad voor de leefomgeving en infrastructuur hat tiisdei in advys útbrocht oan minister Carola Schouten fan Lânbou, en dêr stiet yn dat it Nederlânske beslach de kommende jierren foars krimpe moat, om de klimaatdoelen fan Parys te heljen. Yn De Volkskrant stiet der in grappich grafykje by, mei de totale útstjit fan CO2 yn Nederlân. En dan sjogge we dat it oandiel fan de lânbou dêryn mar in prosint as tsien is. Tsien prosint foar ús iten dus.

Om de doelstelling fan 'Parys' te heljen moatte we yn totaal werom nei in prosint as fiif, dus ja, dan is ek die tsien tefolle. Mar ik fyn it grappich om't der steld wurdt dat foaral kij, geiten en skiep as wjerkôgers it klimaat belêste. Want op deselde dei helle ik twa freonen op fan Skiphol, dy't op fakânsje west hiene nei Meksiko. Utstjit fan de fleanreis fan dy twa: sa'n trije ton CO2.

Oer 32 jier mei Nederlân noch tsien megaton CO2 útstjitte, dus dat betsjut dat der yn dat jier njoggen kear in 747 nei Meksiko fleane kin, en dat is alles wat we yn dat jier dwaan kinne yn Nederlân. Alles.

Mar nee: Koeien moeten weg om klimaatdoelen te halen. Minister Schouten neamde it 'best ingrijpende adviezen ten aanzien van de toekomst van de veehouderij'. No shit, Sherlock.

Dit is de minister dy't yn it neijier fan 2017 sei dat der op grutte skaal fraudearre waard mei de registraasje fan kealtsjes. Hast de helte fan de melkfeehâlders waard der fan fertocht; skande waard sein. En dêr gie wer in stik fan it imago dat boeren ha. Ik ha it no nochris opsocht, en op dit stuit binne noch mar 190 bedriuwen fertocht yn dy saak. In hantsjefol, op de sa'n 17.000 bedriuwen yn totaal.

It is ek de minister dy't moandei by 'de koeiendans' wie - by in boer yn Heiloo waarden de kij it lân yn litten, foar it earst dit jier. Op it Journaal koest sjen hoe't de kij sprongen makken. Fansels wie dat foar de minister reden om te sizzen dat it fijn is om te sjen dat de kij sa bliid binne. Dûnsje, fijn, bliid; it tawizen fan minsklike eigenskippen oan net minsklike wêzens is antropomorfisme. Typysk eat út myten, mearkes en tekenfilms. Begryplik en skattich, mar it docht gjin rjocht oan de bisten, lit stean dat it tsjûget fan sûn ferstân.

Is dit goed foar it imago fan de boer? Miskien. As it net sa'n poppekast wie.

De kowedûns stie einliks pland foar 20 maart. Mar doe hiene we de redens noch mar amper wer yn it fet. Dus waard it peaskemoandei. Hûnderten minsken kamen der op ôf, wêrfan't de measten mei paraplu. Want it wie wiet. En kâld. En dy seagen hoe't dy kij in stik lân yn jage waarden, opstookt troch de kloft, dat yn no time omploege waard ta ien grutte drekbinde dêr't de kij ek allinnich mar springend yn foarút komme koene. Fuort wie it gers, dat miskien in pear milimeter groeid wie in de lêste wike. Wolkom, minister, by Weideseizoenfestival 2018.

"Voor de dieren is het fijn, maar het hoort ook wel bij het landschap."

It is tsjintwurdich normaal dat nije auto's fermogens ha fan rêstich 200 pk. We fleane mei syn allen de wrâld nei de kloaten. As sein wurdt dat we net langer op gas stoke kinne, dan steane de kranten fol mei berjochten fan minsken dy't krekt in nije gaskachel oanskaft hawwe. Mei fermogen genôch om in 'regendouche' op gong te hâlden. En boeren ha it allegearre dien. Mei fosfaat, mei CO2, mei it op stâl hâlden fan de bisten. Wêr is ús boereferstân?

We libje yn in mearkeswrâld, wêryn't we twa kear it jier mei it fleantúch op fakânsje gean, 'regendouches' ynstallearje en gas en benzine ferbrûke as oft it net op kin. Mar de kij moatte fuort, net omdat we it snappe, mar omdat dit ús net rekket.

Ik tink dat it belangryk is dat we de doelstellingen fan 'Parys' helje. En fansels kin de lânbou har CO2 útstjit ferbetterje. Mar wat foar kar meitsje we? Wêrom giet it nea oer it feit dat ús lânbou iten produsearret?

Wat by Het Nederlandse Landschap heart is sûn ferstân. Dat is pas fijn."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)