Beljende fytster oanriden by it oerstekken yn Ljouwert

05 apr 2018 - 06:29

In 19-jierrige fytster is woansdeitejûn oanriden op de Stasjonswei yn Ljouwert troch in 39-jierrige automobilist út Snits. De fytster wie oan it beljen en stuts ynienen de dyk oer. De automobilist koe in botsing net foarkomme.

De fytster is troch meiwurkers fan de ambulânse ûndersocht, mar rekke net slim ferwûne.

Trefwurden: 
oanriding Ljouwert
(advertinsje)