Gjin doelpunten by ynhelwedstriid VV Hearrenfean

04 apr 2018 - 23:39

Sneinshaadklasser VV Hearrenfean hat woansdeitejûn mei 0-0 lykspile tsjin Achilles 1894.

Yn Assen wie de thúsploech, dy't fiifde stiet, de bettere ploech. Achilles 1894 krige in soad grutte kânsen, mar Hearrenfean hold stân. Dat hienen de Feansters mei te tankjen oan keeper Justin van der Dam, dy't mei knappe rêdings syn goal skjin hold.

Troch it lykspul bliuwt Hearrenfean op it fyftjinde plak yn de sneinshaadklasse A stean, no mei 19 punten út 22 wedstriden. De ploech moat yn de lêste acht wedstriden op syn minst noch ien plak klimme, om net streekrjocht te degradearjen.

(advertinsje)