Cambuur: "Der moat gau dúdlikens komme oer bou nij stadion"

04 apr 2018 - 21:49

SC Cambuur-direkteur Ard de Graaf is net fernuvere oer it útstel fan de plannen rûnom it nije Cambuurstadion by it WTC yn Ljouwert. "Dat is inherent aan zo'n groot project. Het is niet gek dat je onderweg wat tegenkomt."

Neffens De Graaf is it wichtich dat der gau dúdlikens komt, om't dizze ûnwissens foar gjinien goed is. Hy is bliid dat de partijen yn elts gefal mei-inoar om tafel wolle en net fuortendaliks de stekker derút lûke. "Want dat had ook gekund." Fansels fynt De Graaf de tydlike stop fan it proses wol spitich. "Het is teleurstellend dat het wordt uitgesteld."

Wat dit krekt betsjut foar it projekt, kin De Graaf net sizze. Wol dat Cambuur net oan set is en dat de klup gewoan trochgiet mei de plannen.

(advertinsje)