Untwikkeling nij Cambuurstadion stopset

04 apr 2018 - 21:13

Der wurdt foarearst net úteinset mei de bou fan it nije Cambuurstadion yn Ljouwert. Ien fan de ynvestearders fan it nije WTC-gebiet, Jan Anker, driget de stekker út de gearwurking te lûken. Dat is woansdeitejûn bekendmakke by de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwert.

Untwikkeling WTC-gebiet

Anker hie in yntinsje-oerienkomst mei projektûntwikkeler Wyckerveste en boubedriuw Dijkstra Draisma oer de ûntwikkeling fan it gebiet. Om it gebiet finansjeel oantreklik te meitsjen, soe der in boumerk yn it WTC-gebiet komme. Neffens de meast resinte plannen is dat Karwei.

Ein desimber waard lykwols dúdlik dat op koarte ôfstân fan it WTC-gebiet mooglik in oare grutte boumerk komt, nammentlik Bauhaus. Dit hat gefolgen foar de ynvestearring fan Anker.

Rol gemeente

Anker wol dat de gemeente mei in oplossing komt. De gemeente mient lykwols dat se dêr gjin mooglikheid ta sjogge. De belutsen partijen moatte der neffens de gemeente sels útkomme. De ried wol sa gau as mooglik opheldering fan alle partijen.

It plan foar it nije WTC-gebiet wie al hast klear. De gemeente is dan ek bot teloarsteld oer de gong fan saken.

"Bot oerfallen"

"Wy wienen ek bot oerfallen troch de meidieling fan Dijkstra Draisma en Wyckerveste", fertelt wethâlder Henk Deinum. "Wy wolle no earst mei de partijen om tafel om te sjen hoe't we fierder moatte."

"Wy ha it stêdeboukundich plan makke, dat ha we jûn ek sjen litten. Dat wie klear foar beslútfoarming en dan komt sa'n meidieling. Dus binne we bot teloarsteld."

Hoe lang de bou stilleit, kin Deinum noch net sizze. "We stopje even mei de ûntwikkeling fan it stêdeboukundich plan. We woenen in ûntwerpbestimmingsplan te fyzje lizze foar de simmer. Dat ha we no even 'on hold' setten."

"Grutte domper"

"It is in grutte domper foar it hiele projekt", seit Otto van der Galiën fan Lijst058. "Bauhaus soe oarspronklik ek yn it nije stadion komme. Om in ûnferklearbere reden hat de gemeente derfoar soarge dat it der dochs net komt. En Bauhaus kinst neat ferwite, dy sjogge gewoan nei kommersjele mooglikheden. Mar de gemeente hie skerper wêze moatten."

(advertinsje)