"Dronken fytse" mei virtual reality-bril

Mei drank of drugs de fyts opstappe kin gefaarlik wêze, mar dochs bart it noch in hiel soad. Om dêr wat oan te dwaan hat Responsible Young Drivers in spesjale virtual reality-bril ûntwikkele, wêrmei't it effekt fan fytse ûnder ynfloed neimakke wurdt.
Under ynfloed
Wannear'tst op de fyts stapst, krijst de virtual reality-bril op en kinst earst in stikje 'normaal' fytse. Kinst sels stjoere en bepale hoe hurd oftst trapest. Dêrnei kinst ûnder ynfloed fytse en dat giet faak al gau mis.
Reaksjefermogen
Minsken ûntwike slagget minder gau om't simulearre wurdt dat it reaksjefermogen dreger is. Te hurd fytse giet ek net, want dan falst om.
Bewuster meitsje
It projekt is spesjaal ûntwikkele om jongerein bewuster te meitsjen fan it fytsen ûnder ynfloed. Sa stiene se woansdei op de NHL by de saneamde 'verkeers-gedragdag'.