Ried fan de Fryske Beweging: "Bedriuwen, brûk it Frysk!"

04 apr 2018 - 20:47

Bedriuwen yn Fryslân soene de Fryske taal mear brûke moatte. Dat fynt de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried ropt bedriuwen dan ek op dizze maitiid mear gebrûk te meitsjen fan it Frysk op harren produkten, websides en op winkelgevels.

Kulturele Haadstêd

Foaral mei it each op Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd, soe der in wichtiger plak foar it Frysk yn de iepenbiere romte wêze moatte. "It is no it stuit om de finsters iepen te smiten en de taalrykdom fan it Frysk oan de bûtenwrâld sjen te litten", seit de Ried. En om de 'couleur locale' yn Fryslân fierder glâns te jaan, soe hoarekapersoniel de gasten betsjinje moatte mei in wurdsje Frysk derby. Dit soe troch toeristen op priis steld wurde, tinkt de Ried.

(advertinsje)