Marit Bouwmeester boppe-oan nei trije dagen silen

04 apr 2018 - 20:28

Sylster Marit Bouwmeester stiet nei trije dagen boppe-oan yn de Princes Sofía Cup. Op it wetter by Palma de Mallorca sette de Wartenster woansdei twa sterke races del yn de Laser Radial. Se waard ien kear earste en ien kear fjirde. Dêrmei klimt se fan it tredde plak nei de kop fan it klassemint.

Nei trije dagen silen hat Bouwmeester 15 punten. De Deense Anna-Marie Rindom stiet twadde mei trije punten mear as de Friezinne.

De earste dei fan Bouwmeester wie noch net goed. Doe stie se op it 31e plak. Nei in goede twadde dei wie se al opklommen nei it tredde plak en no stiet se dus earst.

(advertinsje)