UPDATE: Brân yn reiden dak yn Harns

04 apr 2018 - 19:52

Yn Harns hat woansdeitejûn in brân west yn in wenning mei in reiden dak. De brân bruts om kertier foar achten út op de Midlumerleane. Meardere ienheden waarden oproppen om it fjoer te blussen. Dêrby waard ek gebrûk makke fan in heechwurker. Om healwei njoggenen waard it sein brân master jûn. Der is net ien ferwûne rekke, wol hawwe de bewenners fan it hûs slachtofferhelp krigen. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
brân reiten tek
(advertinsje)