Judoka's Bergstra en Vermeer nei EK yn Tel Aviv

04 apr 2018 - 19:16

Judoka's Margriet Bergstra fan De Lemmer en Sanne Vermeer fan Stiens binne oproppen foar de Europeeske kampioenskippen. Dy binne letter dizze moanne yn Tel Aviv yn Israel.

Bergstra docht mei yn de klasse oant 57 kilogram, Vermeer yn de klasse oant 63 kilogram. Natascha Ausma fan Lippenhuzen docht net mei. It judobûn jout yn de klasse oant 70 kilogram de foarkar oan Sanne van Dijke en Kim Polling.

(advertinsje)