Nije wenten yn Grou ferfange troch pealrot fersakke wenten

04 apr 2018 - 18:58

De bou fan achttjin nije wenten yn Grou wie woansdei reden foar in feestje. De nije wenten steane yn de Noarderdwersstrjitte en ferfange wenten dy't allegearre fersakken troch pealrot.

Omdat der huzen fan partikulieren en wenningbouhuzen troch elkoar stienen, wie it yngewikkeld om ta in goeie oplossing te kommen.

Troch de ynset fan de bewenners, Elkien en de help fan de gemeente Ljouwert en de provinsje is dat nei fiif jier slagge. Dat momint is woansdeitemiddei fierd mei it ûntbleatsjen fan in gevelstien.

Trefwurden: 
Grou pealrot
(advertinsje)