Omrop Fryslân bûten de prizen op NL Awards

04 apr 2018 - 18:34

Omrop Fryslân hat dit jier gjin NL Award wûn. De Omrop wie nominearre yn de kategory 'Beste radioprogramma', mar dy priis gie nei 'Oerend HarTT' fan RTV Drinte. De NL Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. De prizen waarden woansdei útrikt by it NL Media Event yn Eindhoven.

Ferhalen fan it Waad

De útstjoering fan Omrop Fryslân dy't nominearre wie, wie de rige 'Ferhalen fan it Waad', fan it radioprogramma Buro de Vries.

Foarich jier slepe Omrop Fryslân trije NL Awards yn 'e wacht. Yn de kategoryen 'Duiding', 'Beste radioprogramma' en 'Documentaire' gie de priis foarich jier nei Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân NL Award
(advertinsje)