'Op avontuur op Ameland' is bêste erfgoededukaasjeprojekt

04 apr 2018 - 18:20

'Op avontuur op Ameland' is de winner fan 'Het beste erfgoededucatieproject van Fryslân'. Dat wie in inisjatyf fan Keunstwurk tegearre mei de Museumferedaasje Fryslân om projekten mei oandacht foar lokaal erfgoed te stypjen. Alle projekten wienen rjochte op basisskoalbern.

It winnende projekt belûkt skoalbern by alles dat It Amelân te bieden hat. De bern stappe ien middei yn 'e moanne út de skoalbanken om it eilân te ûntdekken. Sa hawwe se al les krigen oer it Waad, de skiednis fan de doarpen en binne se de dunen yngien. Yn de lessen wie ek in soad omtinken foar de twa Amelanner dialekten.

(advertinsje)