Ljouwerter bedriget plysjes mei luchtdrukpistoal

© ANP
In 41-jierrige man is yn Ljouwert oppakt om't er plysjes bedrige mei in luchtdrukwapen.
De plysjes krigen yn de nacht fan tiisdei op woansdei in melding fan in bedriging yn in hûs op de Voorstreek. Doe't se op it adres oanbellen, die de man iepen en rjochte fuort syn wapen op de plysjes. De plysjes lutsen ek harren wapen en twongen de man syn luchtdrukpistoal del te lizzen. Dat die de man úteinlik ek. Hy is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.