Habtamu de Hoop wurdt nije gesicht fan Het Klokhuis

04 apr 2018 - 17:36

De 19-jierrige Habtamu de Hoop fan Wommels wurdt it nije gesicht fan it jeugdprogramma Het Klokhuis. De Hoop is net de earste Fries dy't op de lanlike telefyzje te sjen is. Earder ferhuze Welmoed Sijtsma al fan Ljouwert nei Hilversum. Se is no ien fan de gesichten fan it Jeugdjournaal. Sipke Jan Bousema fan Dokkum hat ek meardere telefyzjeprogramma's presintearre.

Habtamu de Hoop hat foarich jier in pear kear te gast west yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed fan Omrop Fryslân. Hy is ek riedslid foar de PvdA yn Súdwest-Fryslân.

(advertinsje)