Fryske skouts en seekadetten by Nasjonale Deadebetinking

04 apr 2018 - 17:23

Njoggentich skouts en seekadetten út Fryslan leverje dit jier in bydrage oan de Nasjonale Deadebetinking op de Dam yn Amsterdam.

Krânsen oanjaan

De skouts en seekadetten helpe dan by it oanjaan fan de krânsen en stypje minsken dy't minder goed rinne kinne. Ek rikke se blommen út mei it defilee.

Fersetsmuseum

Se wurde wiidweidich taret op har taak. Yn it wykein fan 6, 7 en 8 april sille se nei it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert. Dêr prate se ek mei in fersetsstrider en geane se nei plakken dy't bysûnder wiene yn de Twadde Wrâldoarloch.

Fierder prate sy ek mei in feteraan fan no, oer de striid yn Uruzgan. De nasjonale fiering fan 4 en 5 maaie is dit jier yn Fryslân. Dêrom geane de Fryske skouts ek nei de betinking yn Amsterdam.

(advertinsje)