Auto útbrând op de Wâldwei, dyk wer frijjûn

04 apr 2018 - 17:21

Ferkear op de Wâldwei tusken de ôfslach Ljouwert-Súd en Ljouwert-East rjochting Drachten moat rekken hâlde mei fertragingen. De dyk wie ôfsletten foar ferkear, om't der in brânende auto op de dyk stie. Krekt foar seizen waard de dyk wer frijjûn.

De brân is útmakke en de auto is fuortsleept. By de brân kaam in soad reek frij. It is noch net bekend wat de oarsaak fan de autobrân is en oft der minsken ferwûne rekke binne. De ynsittenden wienen wol gau út de auto.

Trefwurden: 
brânwacht auto brân Wâldwei
(advertinsje)