Subsydzje foar Friezen dy't studearje oan Campus Fryslân

De Beurs yn Ljouwert dêr't Kampus Fryslân yn sit
Friezen dy't yn de provinsje studearje wolle, kinne wer gebrûk meitsje fan in spesjale subsydzje. Der binne betingsten: je moatte as skoalbern de lêste twa jier trochbrocht ha op in Fryske middelbere skoalle en in stúdzje dwaan oan de Campus Fryslân yn Ljouwert.
Yn de provinsje hâlde
De provinsje wol mei de finansjele stipe studinten yn de provinsje sjen te hâlden. Foar it earste stúdzjejier giet it om 750 euro. Bliuwe je yn Fryslân, dan krije je foar de folgjende twa stúdzjejierren 1500 euro yn it jier.
Tal oanmeldingen bliuwt efter
De stipe is nedich, want it docht bliken dat it tal oanmeldingen foar de Campus Fryslân efterbliuwt by de ferwachtingen. Dat hienen yn desimber 75 wêze moatten, mar it wienen goed 40.
Akkreditaasje
Alle opliedings fan de RUG dy't yn Ljouwert oanbean wurde, ha in akkreditaasje krigen. Dat betsjut dat se no los kinne.