Elkien kin trochgean mei nijbou wenningen Yndyske buert

© Google Streetview
Wenningboukorporaasje Elkien kin gewoan trochgean mei de plannen om 210 nije wenningen te bouwen yn de Yndyske buert yn Ljouwert. De Ried fan Steat hat woansdei alle beswieren fan bewenners fan de Timorstrjitte tsjin it wenningbouplan yn de Yndyske buert oan de kant skood. Elkien wol de ferâldere wenningen ferfange troch moderne huzen. Dy wurde heger en rommer, mar komme dêrtroch ek tichter by de huzen yn de Timorstrjitte te stean.
Dêr binne de besteande bewenners net bliid mei. Sy fine dat har privacy oantaaste wurdt en dat sy minder ljocht yn 'e hûs krije. De Ried fan Steat oardiele dat soks wol tafalt. De Ried fan Steat fynt ek net dat Elkien ferplichte wurde moat ekstra linebeammen te plantsjen, om de bewenners mear privacy te jaan.