Boere-organisaasjes kinne tenei makliker oan subsydzje komme

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Boeren kinne tenei makliker fan inoar of fan eksperts leare. Dat hat te krijen mei it feit dat boere-organisaasjes makliker oan subsydzjes komme kinne. De drompel dy't by de provinsje lei, is foars omleechbrocht.
Bedrach ferlege
It dielen fan kennis gebeurt op kongressen. Earst koe stipe allinnich oanfrege wurde, as it kongres op syn minst 150.000 euro koste. Mar minsken makken dy kosten net, dus koenen se ek gjin berop op dy subsydzje dwaan. Dêrom is dat bedrach no ferlege nei 25.000 euro.
Ynnovaasje fersterkje
Dizze maatregels moat de ynnovaasje yn de lânbou fersterkje, seit deputearre Sietske Poepjes. Neffens har wie de drompel fierstente heech, wylst it dielen fan kennis no krekt foar sa'n ûnderwerp fan grut belang is.