Keunstútlien ferhuzet nei oare lokaasje yn Ljouwert

04 apr 2018 - 15:59

De Kunstuitleen Friesland krijt in nij ûnderkommen. No sit de keunstútlien noch yn de Infirmerie yn Ljouwert. Dêr is it foar besikers dy't keunstwurken ophelje wolle, dreech om in plak foar de auto te finen. Dêrom giet de keunstútlien nei de Poolsterweg yn Ljouwert. Dat is op bedriuwsterrein De Hemrik. Besikers kinne dêr fergees harren auto kwyt.

Ein takom moanne, op 29 maaie, giet de nije keunstútlien dêr iepen. Om alles opnij yn te rjochtsjen, moat de keunstútlien in pear wiken ticht. Op 30 april wurde de doarren op de âlde lokaasje sletten.

(advertinsje)