Van der Breggen wint earste etappe fan Healthy Ageing Tour

Hurdfytster Anna van der Breggen hat woansdeitemiddei de tiidrit yn de earste etappe fan de Healthy Ageing Tour op It Hearrenfean wûn. Van der Breggen wie it fluchst op de etappe oer acht kilometer, mei tsien minuten en 35 sekonden. Chantal Blaak einige op twa sekonden as twadde, it lêste poadiumplak gie nei de Dútse Lisa Brennauer. Bêste Friezinne wie Aafke Soet fan It Hearrenfean mei it alfde plak, Anouska Koster fan De Westereen waard trettjinde.
Earste doel
''Deze tijdrit was een eerste doel in deze ronde net als vrijdag de ploegentijdrit een doel is van ons'', sei Van der Breggen. ''We willen daarnaast ook met het team het eindklassement winnen. We zijn met een aantal rensters voorin de uitslag goed begonnen.''
Healthy Ageing Tour
De Healthy Ageing Tour sette woansdei útein. De earste etappe begûn by it Abe Lenstrastadion. Snein is de finale fan it evenemint yn de stêd Grins.