'Places of Hope' iepene mei parade troch Ljouwert

De tentoanstelling 'Places of Hope' is woansdeitemiddei iepene mei in 'Parade van de Nieuwe Tijd'. Tsientallen skoalbern rûnen foarop yn in optocht troch de binnenstêd fan Ljouwert. Mei ûndernimmers, wittenskippers en Nederlânske boargemasters waard in rûte rûn mei muzyk, protestbuorden en oerstallich guod út it fossile ferline. Fan gasfornuzen oant fideorecorders, fan brommers oant blêdblazers op benzine en oant jûkels fan friesmasinen. De optocht einige by de Kanselarij yn it hert fan Ljouwert. Dêr wurde alle spullen symboalysk fia in rinnende bân nei it ferline transportearre.
Duorsume takomst
Mei dizze 'Parade van de Nieuwe Tijd' freegje de paraderinners omtinken foar in sûne en duorsume takomst foar Nederlân. Hoe't dy takomst derút sjocht, wurdt sjen litten yn de tentoanstelling 'Places of Hope', dy't direkt nei de Parade iepene wurdt. By dizze iepening krije tritich bern in medalje foar harren bydrage oan de nasjonale learlingewedstriid 'De wijk van de toekomst', in inisjatyf fan it Koninklijk Nederlands Aardrijkskundig Genootschap (KNAG), de Urban Futures Studio (UFS) en it ministearje fan Ynlânske Saken.
'Places of Hope' yn de Kanselarij wurdt hâlden yn it ramt fan Kulturele Haadstêd.