Boete foar Dokkumer (36) dy't stedsgenoat bedrige

04 apr 2018 - 14:36

In man fan 36 jier út Dokkum is woansdei troch de rjochter feroardiele ta in boete fan 375 euro, foar it bedriigjen fan in oare Dokkumer. It giet om in aparte saak; it slachtoffer is yntusken ferstoarn. De bedriging spile twa jier lyn al. De bedriger stie gauris mei syn auto foar it hûs fan it slachtoffer en rôp dan bygelyks dat hy de oare Dokkumer deameitsje soe en syn holle der ôf snije soe.

De 36-jierrige Dokkumer ûntkende woansdei by de rjochter. Neffens him seach it slachtoffer dingen dy't der net wienen, mar in freon fan it slachtoffer hat ek heard wat der barde. De rjochter kaam dêrom dochs ta in feroardieling.

Trefwurden: 
Dokkum bedriging rjochtbank
(advertinsje)