Fiif Fryske nominaasjes foar Komplimint Oarlochsmonumint

It monumint yn Ealahuzen. © Google Streetview
It Fredesmonumint yn Ealahuzen, it Monumint foar Jan Eisinga op De Gordyk, it Monuminteplein yn Koarnwertersân, it Grêfmonumint foar Richard Jung yn Sint-Jânsgea en it Oarlochsmonumint yn De Pein. Dat binne de fiif nominearren foar it Komplimint foar in Oarlochsmonumint 2018. Dit is in inisjatyf fan de provinsje en it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie, yn oparbeidzjen mei Stichting Erfgoed en Publiek.
De priis wurdt op 24 april útrikt yn Beetstersweach. De sjuery sjocht ûnder oare hoe't it monumint 'libjend' hâlden wurdt en der wurdt sjoen nei de wize fan behear en behâld. Omrop Fryslân makket koarte fideoportretten fan de nominearren, en stjoert dy tusken 16 en 20 april út.