UPDATE: Stijn Schaars brekt kût- en skynbonke

04 apr 2018 - 14:30

Fuotballer Stijn Schaars fan Sportklup Hearrenfean hat woansdeitemoarn de kût- en de skynbonke brutsen. Hy rekke op de moarnstraining blessearre en waard dêrnei nei it sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean brocht. Dêr waard dúdlik wat der krekt oan de hân wie.

De oanfierder fan de Feansters is mei dizze blessuere de rest fan it seizoen útskeakele.

It is de twadde grutte tsjinfaller foar SC Hearrenfean dizze wike. Tiisdei waard dúdlik dat Martin Ødegaard ek net mear yn aksje komt foar de Feansters, om't er syn middelfoetsbonkje brutsen hat.

(advertinsje)