Flinke strop by garaazje Snits

02 nov 2011 - 10:47

De parkeargaraazje Boschplein yn Snits is noch net klear, mar der is al in strop fan in miljoen euro. Amtners fan de eardere gemeente Snits ha flaters makke by it berekkenjen fan it projekt.

It tekoart kaam tiisdei oan it ljocht en no draait de nije gemeente Súdwest-Fryslân der foar op. It parkearjen yn Snits wurdt net djoerder. Neffens wethâlder Gea Akkerman wurdt yn de begrutting socht nei jild. As dat net slagget, moat it út de reserve komme.

(advertinsje)
(advertinsje)