Omtinken foar omwenners mei oefening Frisian Flag

04 apr 2018 - 13:14

De fleanbasis Ljouwert wol omwenners mear belûke by de militêre oefening Frisian Flag. Dy set takom wike útein. Der dogge goed 70 fleantugen út seis lannen oan mei. Der wurdt twa kear deis flein en de ferwachting is dat dat in soad oerlêst jaan sil. Omwenners binne dêrom útnûge om lâns te kommen mei de oefening. Se krije dan útlis fan minsken dy't belutsen binne by de oefening. De loftmacht hopet sa op mear begryp fan de omwenners. De oefening is dit jier grutter as oare jierren. Njonken de tastellen op Ljouwert wurdt der ek flein fan fleanfjild Eindhoven en fan de Dútske basis Wittmund ôf.

Dêr stean fleantugen fan in partikulier bedriuw, dat tsjinst docht as oefenfijân. Frisian Flag is opset om piloaten te trainen op it fleanen yn koälysjeferbân. Sa wurdt der oefene op loftferdigening en it oanfallen fan grûndoelen. Dit jier wurdt ek stilstien by de romte. Sa wurdt der rekken hâlden mei it waar yn de romte. Dat kin effekt ha op de ynset fan wapens.

It nijste tastel fan Definsje, de F-35, docht net mei. De earste tastellen komme ein takom jier oan op de fleanbasis Ljouwert.

(advertinsje)